It projekt kombinearret ferskate wize fan oanpak foar meartalich ûnderwiis: bewustwurding fan talen, taalferliking, ynterkomprehinsje, ymmersje en translanguaging. Dizze holistyske oanpak fan meartalich ûnderwiis makket it projekt unyk.
De holistyske oanpak makket it mooglik net allinnich talen te werkennen en erkennen mar se ek te brûken. Sa komme studinten yn kontakt mei talen dy't sy net sprekke en kinne se harren komplete linguïstyske repertoire brûke.
Om duorsumens en eignerskip te stypjen wurde de aktiviteiten yn gearwurking mei de dosinten fan de ferskillende skoallen ûntwikkele. Eltse skoalle hat har eigen fragen oangeande it brûken fan meardere talen yn it klaslokaal. Dizze yndividuele fragen freegje om ferskillende wizen fan oanpak en ferskillende aktiviteiten.
De mooglikheid om ferskate talen yn it klaslokaal te brûken is net allinnich wichtich for taalûnderwiis mar foar alle fakken. De aktiviteiten wurde dêrom net allinnich ûntwikkele yn de kontekst fan it learen fan frjemde talen mar rjochtsje har ek op it learen fan ynhâld sa as saakfakken.
De aktiviteiten binne net konsintrearre op ien modaliteit mar foar ferskillende modaliteiten: lêze, harkje, skriuwe en sprekke.