Oer Holi-Frysk
Regionale en minderheidstalen, sa as it Frysk, komme hieltyd mear yn kontakt mei migrantetalen, om’t mear migranten nei offisjeel twa- of meartalige Europeeske regio’s lûke. Skoallen yn dy regio’s hawwe faak al muoite om oan de easken foar nasjonale en frjemde talen yn it kurrikulum te foldwaan en wurde no ek konfrontearre mei it ferlet fan in oare oanpak fan talen. Lykwols, hoe’t sy dit yn de praktyk oanpakke kinne is faak ûnbekend by de skoallen en dosinten. Wylst guon ûndersiken nei in holistyske oanpak (ek wol meartalige oanpak neamd) al útfierd binne foar it primêr ûnderwiis, binne dy oant no ta noch te min ûndersocht foar it fuortset ûnderwiis.
It projekt rjochtet him op dy kwestje yn de kontekst fan fuortset ûnderwiis yn de twatalige provinsje Fryslân en hat ta doel om:
It projekt hat in bottom-up opset:
Holi-Frysk 2.0
Holi-Frysk 1.0
Holi-Frysk 2.0 is de opfolger fan Holi-Frysk 1.0. Ut Holi-Frysk 1.0 bliek dat it brûken fan meartaligens yn de klasse in grutte mearwearde hat foar learlingen en harren ûntjouwing. De winsk om dat projekt út te wreidzjen mei mear aktiviteiten, dy’t boppedat ek ferbettere binne, in oanpak dy’t breder is mei mear skoallen en in strukturearre ûndersyk nei de effekten fan de aktiviteiten op attitude, taaldidaktyk en taalfeardigens, hawwe laad ta Hli-Frysk 2.0.
By Holi-Frysk 1.0 is it folgjende ûntwikkele:
Nettsjinsteande it grut tal positive punten dy’t Holi-Frysk 1.0 opsmiten hat, binne der ek guon ferbetterpunten dy’t by Holi-Frysk mear omtinken krije.
01/01/2019 - 31/12/2020
Provinsje Fryslân
NHL Stenden Hogeschool, lectoraat Meertaligheid & Geletterdheid
Yn it skoaljier 2017-2018 is Holi-Frysk 1.0 útfierd, in pilotstúdzje dy’t de foarrinner wie fan it hjoeddeistige projekt. Dat projekt is útfierd fanút Mercator Europees Kenniscentrum voor Meertaligheid en Taalleren (ûnderdiel fan de Fryske Akademy). By it projekt is op trije skoallen ûndersyk dien nei in holistyske oanpak foar meartaligens yn it FU. Trije skoallen diene mei:
Yn gearwurking mei dy skoallen binne der aktiviteiten foar it meartalich lesjaan ûntwikkele en ymplemintearre. Dêrnei binne dy aktiviteiten evaluerre, ferbettere en foltôge om ûnderdiel te wurden fan in online toolbox dy’t troch alle skoallen brûkt wurde kin.
De aktiviteiten dy’t ûntwikkele binne, wiene in tige goede start foar it ferbetterjen fan de posysje fan it Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Dêrby gie it om aktiviteiten en materiaal om:
Yn Holi-Frysk 1.0 is it folgjende ûntwikkele:
De aktiviteiten binne hjir te finen.
01/09/2017 - 31/08/2018
Finansearring
Provinsje Fryslân
Koördinearrende partner
Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meertaligens en Taallearen (diel fan de Fryske Akademy)
Mercator personiel
Cor van der Meer (projektmanager), Joana Duarte (projektlieder), Mirjam Günther-van der Meij (ûndersiker), Laura Nap (stazjêr), Annika Klein (stazjêr)
Partners
NHL Stenden Hogeschool (Ljouwert)