meartalich fuortset ûnderwiis foar elkenien
Oer Holi-Frysk
Regionale en minderheidstalen, sa as it Frysk, komme hieltyd mear yn kontakt mei migrantetalen, om't mear migranten nei offisjeel twa- of meartalige Europeeske regio's lûke. Skoallen yn dizze regio's hawwe faak al muoite om oan de easken foar nasjonale en frjemde talen yn it kurrikulum te foldwaan en wurde no ek konfrontearre mei it ferlet fan in oare oanpak fan talen. Lykwols, hoe't sy dit yn de praktyk oanpakke kinne is faak ûnbekend by de skoallen en dosinten. Wylst guon ûndersiken nei in holistyske oanpak (ek wol meartalige oanpak neamd) al útfierd binne foar it primêr ûnderwiis, binne dy oant no ta noch te min ûndersocht foar it fuortset ûnderwiis.
It projekt rjochtet him op dizze kwestje yn de kontekst fan fuortset ûnderwiis yn de twatalige provinsje Fryslân. It sil fungearje as in pilot-stúdzje:
It projekt wurdt yn trije fazes útfierd:
It projekt hat fungearre as in pilot stúdzje. De aktiviteiten dy't foar de skoallen ûntwikkele binne, binne hjir te finen.
It projekt hat in bottom-up opset:
- Fraach yn ferbân mei in meartaligensfraachstik fan de skoalle
- Aktiviteit foarstel fan it projekttiim mei behelp fan in matrix
- Ymplemintaasje fan de aktiviteit troch de dosint
- Feedback fan de dosint op de aktiviteit troch in evaluaasjeformulier
- Ferbettering fan de aktiviteit foar de online toolbox
Perioade
01/09/2017-31/08/2018
Koördinearjende partner
Mercator Europeesk Kennissintrum
Mercator personiel
Cor van der Meer (projektmanager)
Joana Duarte (projectlieder)
Mirjam Günther-van der Meij (ûndersiker)
Laura Nap (stazjêre)
Annika Klein (stazjêre)
Finansiering
Provinsje Fryslân
Yn gearwurking mei
NHL Stenden Hegeskoalle (Ljouwert)
Holi-Frysk is in projekt fan
Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen