Holi-Frysk online learomjouwing
Yn gearwurking mei de Afûk is in part fan ús aktiviteiten digitalisearre yn de online learomjouwing eduFrysk. Yn de Holi-Frysk online learomjouwing fynst ferskate digitale aktiviteiten oer bgl. taalfamyljes, dialekten, sinsbou en linguistic landscape. Learlingen kinne der selsstannich, yn twatallen of groepkes mei oan it wurk. Alle aktiviteiten kinne dien wurde yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.
Skoallen dy't foar it fak Frysk al wurkje mei Searje 36 kinne de Holi-Frysk aktiviteiten opsykje yn de Mediateek. Wolst mei dyn skoalle ek de digitale Holi-Frysk aktiviteiten probearje en hast noch gjin tagong? Mail ús dan dyn gegevens (skoallenamme, namme kontaktpersoan en e-mailadres) en wy stjoere in ynlochkoade. Mei de eigen koade kinst de fuortgong fan dyn learlingen besjen. Bist no al nijsgjirrich en wolst lyk efkes sjen? Dan kinst ek as gast ynlogge.
De Holi-Frysk-toolbox is in iepen online toolbox mei dêryn de yn it Holi-Frysk projekt ûntwikkele lesaktiviteiten. Troch yn ûndersteand menu op ien fan de aktiviteiten te klikken, is in pdf-bestân fan de lesaktiviteit mei taheakke wurkblêden del te laden. Yn sommige pdf-bestannen stean ekstra links foar bgl. it delladen fan in presintaasje. De toolbox is yn trije talen beskikber: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.
Aktiviteit
Doelstelling
Groep
Affikses - Kreëarje wurden
Mei dizze aktiviteit leare de learlingen oer affiksen. It bewustwêzen fan oerienkomsten yn affikses yn ferskillende talen wurdt ferhege.
1
Ûnderbou
De wei fine
Mei dizze aktiviteit leare de learlingen ferskillende begripen dy’t brûkt wurde kinne om de wei te finen. Dizze wurde linkt oan begripen yn de thústaal.
2
Ûnderbou
Dialekten fan
it Nederlânsk
en it Frysk
Mei dizze aktiviteit wurdt it bewustwêzen fan Fryske en Nederlânske dialekten ferhege. Der wurdt diskusearre oer attitudes tsjinoer standerttaal en farianten derfan.
3
Ûnderbou
Talen yn dyn omjouwing
Mei dizze aktiviteit wurde learlingen bewust makke fan de taal/talen yn de skoalle/omjouwing en fan harren eigen miening oer de rol fan taal yn it taalkundich lânskip.
4
Ûnderbou
Harkje goed
nei my
Mei dizze aktiviteit untwikkelje learlingen harren reseptive feardichheden yn typologysk besibbe talen
5
Ûnderbou
Meartalige rekkentaal
Mei dizze aktiviteit leare de learlingen de ferskillende basisrekkenbegripen en linke sy dizze oan harren thústaal.
6
Ûnderbou
Taalfamylje
Mei dizze aktiviteit wurde learlingen bewust makke fan de oerienkomsten en ferskillen yn talen en leare sy in stik taalskiednis.
7
Ûnderbou
Taalfilmkes
Mei dizze aktiviteit dogge de learlingen sels ûndersyk nei de oarsprong en betsjutting fan Fryske wurden en meitsje hjir een filmke oer.
8
Onder- tot bovenbouw middelbare skoalle
Taalportretten
Mei dizze aktiviteit wurde de learlingen harren bewust fan de talen yn de klasse en de talen dy’t yn de omjouwing in rol spylje.
9
Basisskoalle,
underbou foartset ûnderwiis
Sinsbou
Mei dizze aktiviteit leare de learlingen de wurdfolchoarder fan sinnen yn ferskiedene talen en ferlykje sy dizze mei elkoar.
10
Ûnderbou
Meartalige sintugen
Met dizze aktiviteit leare de learlingen sintugen en har funksjes yn meardere talen te beneamen en leare sy oer de rol fan taal yn saakfakken.
11
Ûnderbou
De Fryske skiednis:
Grutte Pier
Mei dizze aktiviteit leare de learlingen wa Grutte Pier wie yn de Fryske skiednis, ûntwikkelen sy har Fryske taalferdichheden en meitsje sy in figuergedicht.
12
Ûnderbou
Meartaliche figueren
Meartalige figueren (wiskundekwartet) - Meertalige figuren (wiskundekwartet) - Multilingual figures (Mathematics quartet)
13
Ûnderbou
Meartaliche spultsjes
Mei dizze aktiviteit meitsje learlingen troch middel fan spultsjes kennis mei meartaligens, fergelykje sy talen en leare sy nije wurden.
14
Ûnderbou
It lân fan Okt
Mei dizze aktiviteit leare de learlingen tellen yn it oktale stelsel en wurde sy harren bewust fan oare kulturen.
15
Ûnderbou
It Oera Linda boek
Mei dizze aktiviteit leare de learlingen oer it Oera linda boek en oer de betrouberens fan boarnen.
16
Ûnderbou
It West-Germaansk
Mei dizze aktiviteit fergelykje de learlingen it Frysk mei oare West-Germaanske talen (Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk)
17
Ûnderbou
Omgean mei digitaal jild
Mei dizze aktiviteit leare de learlingen meartalich te debattearjen (oer it tema digitaal jild).
18
Ûnderbou
BTW & Wikselkoersen
Mei dizze aktiviteit leare de learlingen mei (ried)spultsjes op trijetalige wize oer BTW, valuta en wikselkoersen.
19
Ûnderbou
Corona yn ferskate
lânnen
Mei dizze aktiviteit ûndersieken de learlingen sels wat de ympact is fan de coronacrisis yn ferskate lannen
20
Ûnderbou
De wrâld
oer
Mei dizze aktiviteit wurde learlingen stimulearre om nei te tinken oer it Frysk en taalsitewaasjes in oare lannen, troch it meitsjen fan in TikTok fideo oer in taal út in meartalich lân
21
Ûnderbou
Frexit
Mei dizze aktiviteit keppelje de learlingen de aktualiteit oan de Fryske kultuer en tinken sy hjir kritysk oer nei
22
Ûnderbou
Lichem
Mei dizze aktiviteit leare de learlingen Fryske nammen foar lichemsdielen troch it meitsjen fan in tekening of skilderij
23
Ûnderbou
Taalgebrûk yn
de Twadde Wrâldoarloch
Mei dizze aktiviteit besjen de learlingen de Twadde Wrâldoarloch fanút it perspektyf fan ferskillende lannen en talen.
24
Ûnderbou
Talen op tillefyzje
Mei dizze aktiviteit kommen de learlingen op boartlike wize yn ‘e kunde mei frjemde talen, minderheids- en mearderheidstalen.
25
Ûnderbou
Útwikselvlog
Mei dizze aktiviteit wurde learlingen harren bewust fan harren eigen (taalkundige) omjouwing en kinne sy dizze útwikselje mei oare (bûtenlânske) skoallen.
26
Ûnderbou
Waarberjocht
Mei dizze aktiviteit meitsje de learlingen sels in Frysk waarberjocht, wêrby sy op kreatieve wize mei natuerkunde yn it Frysk dwaande binne.
27
Ûnderbou
Natuer yn de Alde Feanen
Mei dizze aktiviteit leare de learlingen oan de hân fan in spultsje oer in ekosysteem in harren eigen provinsje. Dêrmei leare sy biologyske begripen en wreidzje sy harren Fryske wurdskat út.
28
Ûnderbou